Yn 1968 is Koos Noordenbos begûn mei it Leanbedriuw. Koos syn earste wurk bestie ût wâlsnije, hekkelje en kuilsnije.
Yn 1979 ferhúzje Koos syn âlders en broers nei in pleats yn Grinslân. Koos bliuwt hjir, want hy wol tegearre mei syn freondinne Tineke (yn 1980 troud) it Leanbedriuw yn Wyns trochsette. Yn dit jier keapet er in nije Renault 981 fan 105 pk, dizze trekker is no noch altyd aktyf op it bedriuw.
Yn de jierren 80 wreidet it bedriuw stadich oan út mei it agraryske wurk. Ein 80-er jierren feroaret de wetjouwing fan it jarjen, de jarre moast fan doe ôf de grûn yn brocht wurde. Koos is der betiid by en skaft as ien fan ‘e earsten in tenk mei in zodebemester oan, dit wurk wurdt seaddebejarje neamd.
Yn 1992 wurdt der foar al it ark in loads boud. Yn 1997 begjinne se mei it parsen en
wikkeljen fan rûne rôlen, dit blykt in trochslaand súkses, want in jier letter wurdt der al in twadde parswikkelkombinaasje oanskaft. Letter sil der sels noch in tredden by komme.
Begjin 2000 begjint Leanbedriuw Noordenbos tegearre mei Leanbedriuw Baarda út Easterein mei it sleepslangen. Der wurdt yn dizze jierren mei súkses gearwurke tusken de twa bedriuwen. Ein 2002 is der genôch wurk foar 2 kombinaasjes, hja beslute dêrom om elk mei in kombinaasje troch te gean.
Yn 2004 hâldt Eelke Baarda fanwege syn sûnens op mei syn Leanbedriuw. It measte wurk hâlde hja oan en de fêste arbeider Sikke ( fan Eelke ) bliuwt by harren. Yn dit gebiet binne sy foar it grutste part aktyf mei it hekkeljen, sleepslangen en it rôleparsen.
Yn 2006 – 2007 komt soan Klaas offisjeel yn it bedriuw, der wurdt in VOF oprjochte, mei de trije firmanten Koos, Tineke en Klaas. Der wurdt in mobile kraan en kiper oanskaft om ek yn de "slappere tiid" wat om hannen te ha. Der komt in stik oan de loads en der wurdt yn de skuorre ferboud, dêr’t ûnder oare plak komt foar in kantine, sadat sy nei in drokke dei mei de meiwurkers noch efkes neisitte kinne en harren al fêst tariede op de oare dei.





